23 jannewaris 2010 wer in opstel
Ik moat doch ris wat rapper tipen leare. Ik haw it ferhaal wol yn ‘e holle, mar tsjin de tiid dat ik in rigel typt haw, bin ik meastal it idee alwer kwyt.
Woansdei 21 febrewaris 2136
Hjoed wie it dan einlings safier. Ik haw der 5 jier foar sparje moatten, mar hjoed is de reis begien. Ik bin fan ‘e moarn om healwei fiven mei de sneltrein nei Stavanger ôfsetten. Dêr moasten wy mei de Skylift nei it oerstapstasjon bûten de atmosfear reizigje. It wie in raar ding om te sjen. Op it earste gesicht like it wol in attraksje op de merke. In hiele grouwe buis mei in soart fan gondel derom hinne. Mar dy buis, dêr komt gjin ein oan. Hy ferdwynt gewoan yn de wolken. Wy wiene dêr om acht oere hinne en krigen earst noch in soart fan medyske keuring en doe wie it safier. Yn de gondel koene wy alles machtich moai sjen. Men koe einliks amper bemerke dat men omheech gong. Mar as men nei bûten seach, waar de wrâld hyltiten lytser. Op it earst koe men noch auto’s sjen en dyken en hûzen, mar nei in heal oere, like de wrâld mear op de plaatsjes dy ik allinnich út de boekjes en fan de kompjûter koe. Doe ‘t wy ien kear boppe de wolken kamen, koest allinnich noch it wyt ûnder en it blau boppe sjen. Nei in hoartsje begûn it hyltiten tsjusterder te wurden en koe men de stjerren better ûnderskiede. En dy grouwe buis, dy gong mar troch. Ynienen wurde op de speaker omroppen dat wy oer tsien minuten gewichtsleas wurde soenen. Dêr hie ik my no al myn hiele libben nei útsjoen. Sweve as in astronaut, dat ik dat noch ris mei meitsje soe. En ja hear, dêr fjilde ik it al. Ik kaam hiel starich los fan myn stoel en doe’t ik mysels in triuwke joech sweefde ik sa nei de oare kant fan de keamer. Underweis wie noch alris útsjen dat ik net botste mei de oare reizigers dy’t ek allegearre troch mekoar sweefden. Lokkich hie ik der gjin lêst fan, mar al gau wiene wat lju goed mislik. Der wiene sels in pear dy’t spuie moasten. Nei in oere waar de keunstmjittige swiertekrêft ynskeakelt en koe eltsenien wer gewoan omrinne. Nei in pear oeren kamen wy oan by it oerstapstasjon. Ik hie de put der goed út en sjoen de reis net earder dan moarn fjirder gong, bin ik lekker yn bêd krûpt.
Tongersdei 22 febrewaris 2136
Hearlik sliept. Op it oerstapstasjon is it ôfgryslik drok mei folk en drokte. Oerol wêr’t men komt dêr zoemt it en klopt it en draaft folk yn en út. Troch it rút fan myn keamer koe ik stjerreskûtsje sjen dat sweefde yn ‘e romte. Dermei moasten wy moarn nei de moanne. Nei Nij Hylpen, de keunstmjittige stêd op ‘e moanne. Oh, wat haw ik der in sin yn!
Tags: takomst
Permalink #
billy
said
Jippie en wat wer in machtig ferhael, wannear komt dyn boek ut, oh, ast sneller type kinst fansels