19 febrewaris 2010 Stimme yn Frjentsjerteradiel
Ik wenje mei in protte wille yn Frjentsjer. Wêrom? Om’t ik dêr in noflik hûs ha, in noflike frou en in noflike hûn. De buorlju binne ek wol noflik. Ik sit op in noflike ôfstân fan Ljouwert en Harns, der bin noflike winkels.
Ik hâld my net sa dwaande mei wat der yn en om Frjentsjer hinne allegear bart. Dat der yn in pear jier in hiele nije wenwyk yn it noarden by kommen is, om net te sprekken fan in folsleine nije wenwyk en bedriuwe terrein yn it suden fan ‘e stêd, ha ik foar kundskip oannommen. Ik ha fansels myn miening wol. De werynrjochting fan de Voorstrjitte is in oanfluiting. In grienstreek yn ‘e midden fan de strjitte is machtich foar de hûntsjes, mar foar de minsken hiene de stoepen en de rydbaan folle better wat breder kinnen. Dan wie der net mei eltse frachtwein in file ûntstien en hie der romte west foar terraskes en dat soarte saken. Foaral it lêste, dêr ûntbrekt it oan yn Frjentsjer. Men kin simmerdeis op twa plakken yn ‘e stêd gesellich in bakje bûten dwaan: foar de Doelen en by de Hema, mar dat is it dan ek wol. Mar goed, ik reitsje fan myn paad yn dit ferhaal.
De gemeenteriedsferkiezings komme deroan en ik hie tocht dat ik my dit jier der dochs ris wat serieuzer mei dwaande hâlde moast. En tsja, wat docht in minske dan tsjintwurdich? Men giet op it wrâldwydereach nei Stimwizer of Kieskompas, beänderje in soad fragen en dan wit men wêr’t men op stimme moat. Sa net yn Frjentsjerteradiel, dêr moat it noch op ‘e âlderwetske wize. Blykber wie in kontrakt mei ien fan dy beide wat te djoer foar de gemeente. Lokkigernôch steane op it webstee fan de gemeente keppelings nei de ferskate politike partijen en kin ik dêr myn ljocht opstekke.
En dan sjocht men dat der dochs twa partijen binne dy’t sels yn dizze tiid noch net yn ‘t snotsje hawwe hoe ienfâldich it tsjintwurdich is om harren stânpunten út te wikseljen mei de kiezers. As ik op de keppeling nei GrienLinks klik, dan kom ik út by in ûnderôfdieling fan it lanlike webstee, mar dêr stiet dêrnei hielendal neat oer Frjentsjerter saken. De KristenUny docht it net folle better. No fyn ik de stânpunten fan de KristenUny ek net sa hiele nijsgjirrich, se binne by eintsje beslút basearre op in mearke. Mar dat GrienLinks net iens de muoite nimt om harren plannen en ideeën yn en mei de gemeente buorkundich te meitsjen, foel my dochs raar ôf fan in oer it generaal foarútstribjende partij.
No earst mar ris alle partijprograms fan de rest bestudearje.
(*) de staverings- en oare flaters binne der troch Jopium úthelle (op straffe fan in appeltaart, dus de frou krijt it noch drok dit wykein))
- Jou in reaksje
- Skreaun yn frysk, seur en sanik