Skip to content

DiepFries v6.0

jearimearje oer fan alles en nochris wat…

rys mei grenaten

rys mei grenaten

Lekker, lekker, och heare wat wie dat wer smaaklik

Ingrediïnten
300 g giele rys (gewoane rys mei kurkuma kin ek)
2 il (wok)oalje
1 sipel, yn stikjes
1 reade paprika, yn blokjes
1 paksoi yn brede repen
1 bakje boemboe foar sajoer griente (95 g)
250 g rôze grenaten

Berêdingswize
Sied de rys neffens de oanwizings. Meitsje de oalje hyt yn ‘e wokpanne. Bak earst de sipel oan en dan twa minuten op heech fjoer de paprika en de paksoi (rierbakke). Doch de boemboe en 200 ml wetter derby en sied nochris viif minuten. Doch op it lêtst de grenaten dertroch.