DiepFries.nl
jerimearje oer fan alles en noch ris wat
jerimearje oer fan alles en noch ris wat
19 Feb
Ik wenje mei in protte wille yn Frjentsjer. Wêrom? Om’t ik dêr in noflik hûs ha, in noflike frou en in noflike hûn. De buorlju binne ek wol noflik. Ik sit op in noflike ôfstân fan Ljouwert en Harns, der bin noflike winkels.
Ik hâld my net sa dwaande mei wat der yn en om Frjentsjer hinne allegear bart. Dat der yn in pear jier in hiele nije wenwyk yn it noarden by kommen is, om net te sprekken fan in folsleine nije wenwyk en bedriuwe terrein yn it suden fan ‘e stêd, ha ik foar kundskip oannommen. Ik ha fansels myn miening wol. De werynrjochting fan de Voorstrjitte is in oanfluiting. In grienstreek yn ‘e midden fan de strjitte is machtich foar de hûntsjes, mar foar de minsken hiene de stoepen en de rydbaan folle better wat breder kinnen. Dan wie der net mei eltse frachtwein in file ûntstien en hie der romte west foar terraskes en dat soarte saken. Foaral it lêste, dêr ûntbrekt it oan yn Frjentsjer. Men kin simmerdeis op twa plakken yn ‘e stêd gesellich in bakje bûten dwaan: foar de Doelen en by de Hema, mar dat is it dan ek wol. Mar goed, ik reitsje fan myn paad yn dit ferhaal.
De gemeenteriedsferkiezings komme deroan en ik hie tocht dat ik my dit jier der dochs ris wat serieuzer mei dwaande hâlde moast. En tsja, wat docht in minske dan tsjintwurdich? Men giet op it wrâldwydereach nei Stimwizer of Kieskompas, beänderje in soad fragen en dan wit men wêr’t men op stimme moat. Sa net yn Frjentsjerteradiel, dêr moat it noch op ‘e âlderwetske wize. Blykber wie in kontrakt mei ien fan dy beide wat te djoer foar de gemeente. Lokkigernôch steane op it webstee fan de gemeente keppelings nei de ferskate politike partijen en kin ik dêr myn ljocht opstekke.
En dan sjocht men dat der dochs twa partijen binne dy’t sels yn dizze tiid noch net yn ‘t snotsje hawwe hoe ienfâldich it tsjintwurdich is om harren stânpunten út te wikseljen mei de kiezers. As ik op de keppeling nei GrienLinks klik, dan kom ik út by in ûnderôfdieling fan it lanlike webstee, mar dêr stiet dêrnei hielendal neat oer Frjentsjerter saken. De KristenUny docht it net folle better. No fyn ik de stânpunten fan de KristenUny ek net sa hiele nijsgjirrich, se binne by eintsje beslút basearre op in mearke. Mar dat GrienLinks net iens de muoite nimt om harren plannen en ideeën yn en mei de gemeente buorkundich te meitsjen, foel my dochs raar ôf fan in oer it generaal foarútstribjende partij.
No earst mar ris alle partijprograms fan de rest bestudearje.
(*) de staverings- en oare flaters binne der troch Jopium úthelle (op straffe fan in appeltaart, dus de frou krijt it noch drok dit wykein))
23 Jan
Ik moat doch ris wat rapper tipen leare. Ik haw it ferhaal wol yn ‘e holle, mar tsjin de tiid dat ik in rigel typt haw, bin ik meastal it idee alwer kwyt.
Woansdei 21 febrewaris 2136
Hjoed wie it dan einlings safier. Ik haw der 5 jier foar sparje moatten, mar hjoed is de reis begien. Ik bin fan ‘e moarn om healwei fiven mei de sneltrein nei Stavanger ôfsetten. Dêr moasten wy mei de Skylift nei it oerstapstasjon bûten de atmosfear reizigje. It wie in raar ding om te sjen. Op it earste gesicht like it wol in attraksje op de merke. In hiele grouwe buis mei in soart fan gondel derom hinne. Mar dy buis, dêr komt gjin ein oan. Hy ferdwynt gewoan yn de wolken. Wy wiene dêr om acht oere hinne en krigen earst noch in soart fan medyske keuring en doe wie it safier. Yn de gondel koene wy alles machtich moai sjen. Men koe einliks amper bemerke dat men omheech gong. Mar as men nei bûten seach, waar de wrâld hyltiten lytser. Op it earst koe men noch auto’s sjen en dyken en hûzen, mar nei in heal oere, like de wrâld mear op de plaatsjes dy ik allinnich út de boekjes en fan de kompjûter koe. Doe ‘t wy ien kear boppe de wolken kamen, koest allinnich noch it wyt ûnder en it blau boppe sjen. Nei in hoartsje begûn it hyltiten tsjusterder te wurden en koe men de stjerren better ûnderskiede. En dy grouwe buis, dy gong mar troch. Ynienen wurde op de speaker omroppen dat wy oer tsien minuten gewichtsleas wurde soenen. Dêr hie ik my no al myn hiele libben nei útsjoen. Sweve as in astronaut, dat ik dat noch ris mei meitsje soe. En ja hear, dêr fjilde ik it al. Ik kaam hiel starich los fan myn stoel en doe’t ik mysels in triuwke joech sweefde ik sa nei de oare kant fan de keamer. Underweis wie noch alris útsjen dat ik net botste mei de oare reizigers dy’t ek allegearre troch mekoar sweefden. Lokkich hie ik der gjin lêst fan, mar al gau wiene wat lju goed mislik. Der wiene sels in pear dy’t spuie moasten. Nei in oere waar de keunstmjittige swiertekrêft ynskeakelt en koe eltsenien wer gewoan omrinne. Nei in pear oeren kamen wy oan by it oerstapstasjon. Ik hie de put der goed út en sjoen de reis net earder dan moarn fjirder gong, bin ik lekker yn bêd krûpt.
Tongersdei 22 febrewaris 2136
Hearlik sliept. Op it oerstapstasjon is it ôfgryslik drok mei folk en drokte. Oerol wêr’t men komt dêr zoemt it en klopt it en draaft folk yn en út. Troch it rút fan myn keamer koe ik stjerreskûtsje sjen dat sweefde yn ‘e romte. Dermei moasten wy moarn nei de moanne. Nei Nij Hylpen, de keunstmjittige stêd op ‘e moanne. Oh, wat haw ik der in sin yn!
13 Jan
Moast ik foar Fryske les wer in opstel skriuwe. Dat wie, tink ik, alwer sa’n 35 jier lyn, dat ik dat foar ‘t lêst dien hie.
Ik haw noait in juffer Beetsma hân, mar it ferhaal fan Hainske en it ear is wier bard.
Juffer Beetsma
En dat wie my wat, dy earste dei by juffer Beetsma. It soe in dei wurde dy’t ik noait mear ferjitte soe.
Doe’t wy it lokaal yn skeuvelen siet juffer Beetsma al efter har tafel. As ik har bûten tsjin it liif rûn mei har hûntsje seach se der altyd sa leaf út, mar no hie se dochs in hiele oare blik yn har eagen.
Wy wiene allegeare in plakje oan it sykjen en dat wie in hiele toer. Ik woe graach by Klaske sitte, it famke by ús út de strjitte. Stikem wie ik in bytsje smoar op har. Ik kryg it net foar inoar om by har te sitten, want al har fre-ondintsjes sieten der al omhinne. Ik skode mar oan by Hainske, in jonge út de Buorren wêr’t ik wol ris mei keatste. Hy wie net de slimste mar it wie fjir-der in bêste jonge. Guon minsken mochten Hainske en syn famylje net lije, om’t se wat asosjaal wiene. Mar ja, se wennen net foar neat yn de Buor-ren, dochs?
Ynienen hearden wy in ôfgryslike klap en wy skrokken ús in hoedsje. Juffer Beetsma raasde ynienen dat wy stil wêze moasten en joech noch ris in bats mei har lyneaal op ‘e tafel. Wat in ferskil mei hoe’t se der bûten de skoalle útseach. Har eagen lieken wol gleonende koaltsjes en har mûle stûn hielendal strak.
Eltsenien seach mekoar ris oan en wy tearden gau del. Mar earme Hains-ke net. Hy wie in bytske dôf en hie juffer Beetsma har útbarsting net heard. Wylst eltsenien rjocht foar him útseach en stil wie, siet hy noch te praten mei syn buorman.
Mar dêr kaam se oan en hy hie neat yn’t snotsje. Se pakte him by it ear en skuorde him út de bank wei. Hainske pypte fan de pine en se skreaude tsjin him werom’t eltsenien stil wie en hy net. Syn gesicht ferluts fan de pine en wy koene sjen dat er hast yn de broek miigde; sa benaud wie er.
Mar it slimste moast noch komme. Juffer Beetsma raasde: “Do, smoarch rotjong!” en Hainske skreaude fan de pine en ynienen waard it hielendal stil yn it lokaal. Elts seach nei juffer en Hainske en foaral nei Hainske syn ear. Foar myn gefoel spuite it bloed derút. Juffer Beetsma hie Hainske syn ear heal fan syn holle ôfskuord en alles siet ûnder it bloed.
It wie in earste skoaldei dy’t ik noait wer ferjitte soe.
08 Jan
Kin dy winter ek hast oer wêze? It komt my echt de strôt út.
Om my hinne eamelt eltsenien hoe kâld it is, dat it sa glêd is, dat de gemeente net goed struit, dat it iis min is troch de snie dy’t derop leit, dat it net fertrout is op ‘e dyk, dat it struisâlt op is, dat Frjentsjer noch mear fersakke sil troch de ekstra 30.000 ton dy’t Frisia by Wynaam út de grûn helje mei.
Ik haw sels al minsken heart dy’t eamelden oer wat in rotsoai it straks jaan sil at it wer teiwaar wurd. Om noch mar net te praten oer alle hollanders dy’t hielendal kreesy yn harren testament binne oer de âlvestêdetocht. Hâld toch op!
Genietsje fan de prachtige beammen mei de ryp op ‘e tûken, fan it ljochtspul as de sinne ûnder giet, fan de fûgeltsjes yn ‘e tún, fan de louterende kjelt. Tink der mar ris oan dat dit waar der ek foar sorget dat wy straks yn ‘e simmer folle minder miggen, wespen en tiken hawwe.
Mar hâld op mei dat ge-eamel en geseur.
Sa!
31 Dec
By gebrek oan eigen inspiraasje, mar net minder mient:
Filmke jatten/lient fan Sjoukje Terpstra
17 Dec
M wie oan ‘t wurk hjoed en hie wat plaatsjes sjitten.

Kening winter

Moaie kontrasten

Dat wurd in wiete kont

Net in minsk te sjen op it busstasjon
06 Dec

Fryske Oranjekoeke
Fan ‘e moarn siet ik al om tsien foar achten mei myn skoanmem oan tafel djippe filosofyske bespegelingen te hâlden. Oer hoe’t men har sels beleanje kin foar goed gedrach, positive kondisjenearing dus. Gewoan Pavlov: men docht wat goed en krijt dan in koekje.
Mar ek hoe’t dat hielendal ferkeart útpakke kin. Bygelyks as men harsels beleanet mei in gebakje omt men har sa goed oan harren dieet hâlden hat. Of dropkes yt omt men al twa wike gjin dropkes iten hat. Troch it beleanjen fan it goeie gedrach wurd it bekrêftiget, seit je. It is mar de fraach oft it sa noch wol goed wurket. Men sels beleanje mei datjinge dat men besiket ôf te learen. Al gau yt men tsien kear deis wat lekkers omt men it oere derfoar neat lekkers hân hat.
Mar hoe moat it dan oars? Foar ien dy’t ien fan syn grutste plezierkes yn it libben fynt yn lekker ite, wêr kin je dy no it bêste mei beleanje? It is in fraach wêr’t ik gjin antwurd op wit. Men kin kwea in burreltsje nimme, mar in appel is ek neat. Men sels trakteare op in appel omt men dy dei gjin spek iten hat, it is it gewoan krekt net.
Dat wurd dus neat sa. Je kin dus konstateare dat om ôf te fallen der gjin positive kondisjenearing mooglik is. Dan mar straffe dus… It ilastykje om de pols, dat wurket oer ‘t algemien prima. Eltse kear as’t wat lekkers ytst, goed oan it ilastykje lûke en goed kletse litte. It docht hadstikkene sear en nei tweintich kear is sin yn wat lekkers hawwe koppelt oan de pine fan it ilastykje. Hast nea wer honger!
Wie der no mar sokssawat om selsbehearsking oan te learen…
———————————————————————————
Vanmorgen zat ik al om tien voor acht aan tafel met mijn schoonmoeder diepe filosofische bespiegelingen te houden. Over hoe je jezelf kunt belonen voor goed gedrag, positieve conditionering dus. Gewoon Pavlov: je doet iets goed en dan krijg je een koekje.
Maar ook over hoe dat helemaal verkeerd kan uitpakken. Bijvoorbeeld als je jezelf beloont met een gebakje omdat je je goed aan je dieet hebt gehouden. Of dropjes eet omdat je al twee weken geen dropjes hebt gegeten. Door het belonen van goed gedrag wordt dit bekrachtigd, zegt men. Het is echter maar de vraag of het zo nog wel goed werkt. Jezelf belonen met datgene wat je probeert af te leren. Al snel eet je tien keer per dag iets lekkers omdat je het uur daarvoor niets lekkers hebt gegeten.
Maar hoe moet het dan anders? Voor iemand die één van de grootste pleziertjes in het leven vindt in lekker eten, waar kan je die nu mee belonen? Het is een vraag waar ik geen antwoord op heb. Het is niets gedaan om elke keer een borreltje te nemen, maar een appel is het ook niet helemaal. Jezelf trakteren op een appel omdat je die dag geen spek hebt gegeten, is het gewoon net niet.
Dat wordt dus niks zo. Je kan dus constateren dat om af te vallen er geen positieve conditionering mogelijk is. Dan maar straffen dus… Het elastiekje om de pols, dat werkt in het algemeen prima. Elke keer als je zin hebt in iets lekkers, goed aan het elastiekje trekken en goed laten kletsen. Het doet vreselijk pijn en na twintig keer is zin aan iets lekkers gekoppelt aan de pijn van het elastiekje. Je hebt nooit weer honger!
Was er maar zoiets om zelfbeheersing aan te leren…
29 Nov

HTC Hero / T-Mobile G1 Touch
Brûk em no in hoatsje en bin oant no ta wol en net ûnder de yndruk.
Wol, omt:
- skerm
- android
- yntegraasje mei gmail
- apps yn de market
- it is gewoan in lekker ding
- it is gjin yfeun
Net, omt:
- gjin fm-radio
- de kamera is hielendal kudt! yn ferlyk mei de kamera fan de n95 in reuzestap efterút.
Fûn it typen op it skerm earst net sa noflik, mar it blykt te wennen. Wat my wol fernuvert is dat der op in Android (lês: Google) bestjoeringssysteem gjin native apps binne foar Reader en Earth. Nuver genôch.
°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°°
Gebruik hem nu een tijdje en ben nog steeds wel en niet onder de indruk.
Wel omdat:
Niet omdat:
Vond eerst het typen op het scherm niet fijn, maar het blijkt te wennen.
Wat me wel erg verbaasd is dat op een Android (lees: Google) besturingsysteem geen native apps draaien voor Reader en Earth, very strange indeed.