• facebook
  • flickr
  • google
  • instagram
  • linkedin
  • mail
it ferstân fan in ferslaafde

it ferstân fan in ferslaafde

Alwer sechstjin dagen lyn bin ik ophâlden mei smoken. Fjirtich jier lang haw ik de sjekpûde by my hân en ik mis em!

De earste dagen gong it bêst, it foel my suver ta. Men sit dan fol fan positive tinzen, de motivaasje is optimaal en it nije fan de hiele situaasje oerrazet it nikotinegemis. Je grutskens drukt alle negative tinzen fuort sa yn it begjin.

Dan nei twa wike blykt dat it ferstân fan in ferslaafde gewoan hartstikkene slûchslim is. It hat em twa wike lang in bytsje op ‘e eftergrûn hâlden oant de nijichheid der in bytsje ôf wie. En no komt er los, de stjonkert.

Moarns betiid wurd ik wekker mei:

Toe no mar je, do hâldst dat dochs net út, dus begjin no mar gewoan wer. Wat in lijen om neat…

Letter op ‘e dei:

Wat makket dat no út dasto earder dea giest. Foar wa moasto âlder wurde? Foar de bern?

Yn ‘e auto:

Toe juh, net ien sjocht it. Ien of twa en dan in pear muntsjes foar de lucht…

Ik begjin no in bytsje te snappen wat in persoan mei MPD of skizofreny hat. De hiele dei striid yn ‘e holle. Prate tsjin jins alterego.

 

jo reaksje