21 jannewaris 2012 fûgel op ‘t sket
Krij ik hjoed in foto tastjoerd fan broer. Hy hie in fûgel op it sket sitten, of ik ek wist wat it wie. In wikel fansels sei ik, mar wie der net hielendal wis fan. Hy sei dat er in hiele protte mosken yn ‘e tún hie en ynienen wienen se allegearre fuort. In pear tellen letter siet dizze jonge op it sket. Gjin wikel, mar in sparwer.

sparwer
http://nl.wikipedia.org/wiki/Sperwer_(roofvogel)
http://www.soortenbank.nl/soorten.php?soortengroep=vogels&id=96&menuentry=soorten
- Jou in reaksje
- Skreaun yn fan alles