• facebook
  • flickr
  • google
  • instagram
  • linkedin
  • mail
En noch mar sa’n farizeeër

En noch mar sa’n farizeeër

Jûn mar wer ris sa’n echte farizeeër sjoen op ‘e tillevyzje. Ben Crul hyt er en hy wurket by Achmea. Siet mei in útstrutsen antlit te ferkondigjen dat it net in goed idee wie dat der 5 protonsintra yn Nederlân komme. It wie net in goed idee, want it wie better om earst mar ris ien te dwaan en dan fierder te sjen. Dêr’t it fansels op del komt is dat de soarchfersekeraars gewoan de knip ticht hâlde wolle. Mar bin der dan ek gewoan earlik oer en sit net te ligen.

2 reaksjes

  1. wietse · 29 December 2015

    Wat is in “protonsintra”?

  2. Piter · 3 January 2016

    In sintrum dêr’t minsken mei kanker bestrield wurde kinne. Protonterapy is een nijere foarm fan bestrieling dêr’t goeie resultaten mei behelle wurde.

jo reaksje