Skip to content

DiepFries v6.0

jearimearje oer fan alles en nochris wat…

Ja, ik bin der ek ynstonkt. Ik hie dit nûmer al wat kearen op ‘e radio foarby kommen heart. En alle kearen wie ik derfan oertjûge dat it it nije nûmer fan Sting wie. No hâld ik net sa fan Sting, de man hat bêst aardige muzyk makke, mar strykt my op ien oft oare wize tsjin de hieren yn. Dochs fûn ik wol dat, al is de persoan Sting net myn favoryt, hy wol wer in prachtich stikje muzyk makke hie. Mar it is him hielendal net: it is in band út Nij Seelân. Hie dy Sting my dochs wer by de poat…

Tags: