Skip to content

DiepFries v6.0

jearimearje oer fan alles en nochris wat…

Category Archives: frysk

It is sneintemoarn en ik wachtsje. Ik wachtsje op myn húsgenoaten, ik wachtsje op it ljocht, ik wachtsje op de fûgels dy’t it oerbleaune stokbôle fan it fûgelhúske ôffrette, ik wachtsje oan’t der genôch tiid foarby gongen is foar in folgjende sigaret, ik wachtsje oan’t de kofje en de lêtste sigaret harren wurk dogge, ik [...]

Ja, ik bin der ek ynstonkt. Ik hie dit nûmer al wat kearen op ‘e radio foarby kommen heart. En alle kearen wie ik derfan oertjûge dat it it nije nûmer fan Sting wie. No hâld ik net sa fan Sting, de man hat bêst aardige muzyk makke, mar strykt my op ien oft oare [...]

Tags:

Lekker, lekker, och heare wat wie dat wer smaaklik Ingrediïnten 300 g giele rys (gewoane rys mei kurkuma kin ek) 2 il (wok)oalje 1 sipel, yn stikjes 1 reade paprika, yn blokjes 1 paksoi yn brede repen 1 bakje boemboe foar sajoer griente (95 g) 250 g rôze grenaten Berêdingswize Sied de rys neffens de [...]

Krekt wer werom fan in wike fytse en fakânsjefiere yn Drinthe. In hearlike wike mei in protte tsjinstellings en tafallichheden. In wike mei prachtich waar. In wike dêr’t ik my bêst wol drok oer makke sjoen de fakansje fan foarich jier. De tsjinstellings sieten yn de bjusterbaarlike wille dy’t wy hiene fan ús nije Chateau, [...]

Bin no neist it oersetten fan Joomla! ek dwaande mei it oersetten fan WordPress nei it Frysk.

It is net bêst. Dat gefoel oerfalt my de lêste tiid alle kearen dat ik krantlês of it sjoernaal op televyzje sjoch. No wurdt der wer yn it ûnderwiis besunige. Dizze kear hat ús regear gjin jild mear foar mear oandacht foar bern dy’t yn it reguliere ûnderwiis net sa bêst meikomme kinne. De tinze [...]

Tags:

Ik haw mysels oplein dat ik eltse dei minimaal 500 wurden skriuwe moat. Hjirûnder it earste resultaat. Wat soene goeie ûnderwerpen wêze om oer te skriuwen? Men kin wat persoanliks skriuwe, bygelyks oer famylje, freonen, de buorlju of jinsels. It kin ek wat minder persoanlik en ûnderwerpen behannelje sa as saken dy’t har yn ‘e [...]

Tags:

in prachtich fers fan Willem Schoorstra

Om myn Fryske wurdbyld te ferbetterjen besykje ik de lêtste tiid wat mear Fryske boeken te lêzen. Dit falt noch hiel net ta, want ik kin no net sizze dat der safolle leuke Fryske boeken skreaun wurde (teminsten ik kin se net fine) No hie ik al in pear kear in advertinsje yn ‘e Ljouwerter [...]

Foar wa’t syn of har Frysk in bytsje gever skriuwe of prate wol, sjoch hjir ris: